"Opsterlân hat soad ferbettere nei krityk kommisje Hermans"

07 apr 2016 - 21:32

Opsterlân hat it nei it ûndersyk fan de kommisje Hermans yn 2010 in stik better dien mei it ferfolchtrajekt fan it Polderhoofdkanaal. Dat konkludearret de rekkenkeamerkommisje fan de gemeente Opsterlân. De gemeente hat nei it ûndersyk it projekt Polderhoofdkanaal fluch en goed bystjoerd.

Wat noch wol better kin is de útfiering fan it belangrykste punt fan de kommisje Hermans, nammentlik dat de gemeenteried in dúdlikere rol hawwe moat. De ried wurdt wol better ynformearre, mar echt stjoerend is de ried noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)