Jorick Speerstra en Jelle Bangma winne Ferhalewedstriid

07 apr 2016 - 17:48
  • Jorick Speerstra oan tafel by Bynt
  • De winners Jelle Bangma (l) en Jorick Speerstra

Jorick Speerstra en Jelle Bangma binne de winners wurden fan de Ferhalewedstriid 2016. Tet Rozendal makke de winners tongersdei bekend yn it programma Bynt. It tema fan de Ferhalewedstriid wie dit jier 'Oars'. Der kamen 119 ynstjoerings binnen. By de senioaren wûn Jelle Bangma. Twadde waard Forina van der Zee en tredde wie Ytsje Hettinga.

By de junioaren fûn de sjuery it ferhaal fan Jorick Speerstra it bêste. Dit ferhaal wurdt boppedat ek ferfilme en is letter dizze maitiid yn fjouwer ôfleverings as koarte film te sjen by Omrop Fryslân.

Twadde by de junioaren wie Anna de Vries, tredde waard Monique Bijsterbosch. By de junioaren kamen alle priiswinners fan it Bogerman út Koudum.

De sjuery bestie út Koos Tiemersma, Lida Dykstra en Yvonne Dijkstra. De Ferhalewedstriid is dit jier organisearre troch It Skriuwersboun, it Friesch Dagblad, Omrop Fryslân, en sûnt dit jier ek ûnderwiisorganisaasje Cedin. Yn 2017 sil der wer in Ferhalewedstryd wêze.

Auto-ûngelok

It ferhaal fan Jorick is basearre op it deadlik auto-ûngelok yn Jorwert, ferline jier. "Ik wist fuortendaliks al dat myn ferhaal oer in auto-ûngelok gean soe", fertelt er.  Ambysjes om fierder te skriuwen, hat er lykwols net.

Net folle ûnderfining

Jelle Bangma is optein mei de earste priis: "Ik hie net folle ûnderfining mei it skriuwen fan ferhalen foar folwoeksenen. Ferline jier haw ik dat foar it earst dien, foar de Rely Jorritsmapriis. Dy haw ik ek wûn. En no kaam dizze wedstriid foarby."

Bangma fynt it noflik dat de sjuery de ynstjoerings anonym beoardiele. "Dat makket it wol sa earlik."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)