Fuotbalhal Soccerdome op It Fean slút freed de doarren

Fuotbalhal Soccerdome op It Hearrenfean slút fan freed ôf de doarren. Utbater Berry Post lûkt de stekker derút. As reden dêrfoar wiist er nei de gemeente Hearrenfean. Dy wol de fergunning net ferlinge. De fergunning fan Soccerdome rint begjin takom jier ôf.
Post wol graach ynvestearje yn Soccerdome, om it ek yn de simmer oantreklik te meitsjen foar besikers. Mar dan wol er wol wissichheid hawwe dat Soccerdome de kommende jierren ek iepenbliuwe mei. En dat krijt er net.
Soccerdome hat yn it ferline al faker problemen hân mei de gemeente oer de fergunning. Hearrenfean wegere earder in fergunning, om't de aktiviteiten fan Soccerdome net op it yndustryterrein passe soenen. Mar troch in proseduereflater krige Post dochs in fergunning.
Dêrneist hie Sportstad problemen mei de fuotbalhal, om't dy benaud wie foar konkurrinsje. Uteinlik hawwe beide partijen ferline jier in gearwurkingsferbân sletten.