Tytsjerksteradiel sammelet pypskûm yn

07 apr 2016 - 14:21
  • ôffal

Tytsjerksteradiel sammelet sûnt koart pypskûm apart fan it oare ôffal yn. Se dogge dit as earste gemeente fan Fryslân. Neffens de gemeente kin pypskûm goed opnij brûkt wurde troch der lytse boltsjes of losse kerreltsjes fan te meitsjen. Dizze kinne dan bygelyks wer opnij ta pypskûm makke wurde, of soene brûkt wurde kinne foar sitsekken.

Tytsjerkstardiel sil de kommende tiid besjen op hokker wize maksimaal 100 kilo ôffal de ynwenner ophelle wurde kin. Op dit stuit is in ynwenner gemiddeld noch ferantwurdlik foar 171 kilo restôffal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)