Udo D. yn juny foar de rjochter foar moard

07 apr 2016 - 13:39

De fan moard fertochte Ljouwerter Udo D. moat him op 30 juny foar de rjochter ferantwurdzje. Dat is tongersdei bekend makke op in rezjysitting yn Ljouwert. D. wurdt fertochte fan moard op in 68-jierrige frou út Ljouwert. Hy soe har yn oktober ferline jier mei in flesse deaslein hawwe. Ek wurdt er fertocht fan poging ta moard op in prostituee en stellerij mei geweld.

De advocaat fan Udo D. mei fan de rjochter trije tsjûgen hearre. Ek wurde meiwurkers fan it Pieter Baan Centrum heard oer de fraach as D. tarekkenber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)