Knegt en Schulting útroppen ta shorttrackers fan it jier

Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting © KNSB
Shorttrackers Sjinkie Knegt fan Bantegea en Suzanne Schulting fan De Tynje binne troch de KNSB útroppen ta shorttrackers fan it jier. Beide shorttrackers waarden tongersdei ferrast mei in moarnsbrochje yn Tjaarda Oranjewoud. De saakwaarnimmer fan beide hie sein dat se prate moasten oer it nije seizoen. Mar it gie dus om in nije titel. Knegt hat dit seizoen troch omstannichheden net in al te bêst seizoen draaid, mar krijt de priis ûnder oare foar syn winst op de 500 meter op it EK yn Sotsji en syn gouden plak mei de ôflossingsploech.
Suzanne Schulting hie dit seizoen har grutte ynternasjonale trochbraak. De rydster is noch mar 18 jier, en makke diel út fan it frouljusteam dat by it EK yn Sotsji goud pakte op de relay. Ek waard se op yndividueel nivo tredde op it EK. Op it WK pakte Schulting ek nochris in fiifde plak, en wie se opnij de bêste Nederlânske shorttrackster op it toernoai.