Earste fearnsjier: mear Fryske huzen ferkocht as in jier lyn

Der binne yn it earste fearnsjier fan 2016 mear huzen ferkocht as in jier earder. Dat seit Albrecht Kok, foarsitter fan makelersferiening NVM Fryslân. Yn Fryslân waarden yn de earste trije moannen fan it jier krekt wat mear as 1200 huzen ferkocht en dat is 18% mear as yn deselde perioade ferline jier. Ek de prizen waarden heger: 1% mear yn fergelyk mei it lêste fearnsjier fan 2015 en 5,5% yn fergelyk mei in jier earder. Dochs leit de priis fan in ferkocht hûs yn trochsneed rom ûnder de prizen dy't oan it begjin fan de krisis betelle waarden.