ECOstyle ferhuze nei Ecomunitypark Easterwâlde

07 apr 2016 - 08:21
  • ECOStyle op it Ecomunitypark yn Easterwâlde

It bedriuw ECOstyle sit sûnt in pear moanne net mear yn Appelskea mar op it Ecomunitypark yn Easterwâlde, oan de N381. In inisjatyf en grutte winsk fan ECOstyle-direkteur Zwart. Op it griene bedriuweterrein is romte foar bedriuwen en kennisynstellings dy't tema's as duorsumens en ekology wichtich fine. ECOstyle is produsint fan natuerlike en ekologysk ferantwurde produkten foar konsuminten en bedriuwen.

De ûndernimming hat op it park in nij kantoar en in nij magazyn bouwe litten. De twa gebouwen foldogge oan de heechste duorsumenseasken. Sa binne de gebouwen selsfoarsjennend op it mêd fan enerzjy. Foar de oanlis fan foarsjennings hat ECOstyle koartlyn in BREEAM-sertifikaat krigen. Ynkoarten wurdt op it Ecomunitypark úteinset mei de oanlis fan in Ecomunitycentre, it sintrum fan it hiele park wêryn't bedriuwen, studinten en dosinten fan kennisynstellings mei-inoar wurkje oan nije duorsume produkten en tsjinsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)