Weriepening 't Hoekje wer in stap tichteby

07 apr 2016 - 07:41
  • Kafee It Hoekje yn Ferwert

De kâns dat it leechsteande doarpskafee 't Hoekje yn Ferwert wer iepen giet, is sûnt woansdeitejûn wer grutter wurden. It is de bedoeling dat hjirfoar in doarpskoöperaasje oprjochte wurdt. Ferwerters kinne dêryn meidwaan en jild ynlizze. De ynwenners krigen woansdei útlis hjiroer fan de inisjatyfnimmers en se krigen ek in formulier mei wêryn't se oanjaan kinne as se yn de doarpskoöperaasje stappe wolle. De measte minsken steane hjirfoar iepen, sa sizze de inisjatyfnimmers op basis fan de reaksjes.

Der hawwe har ek al minsken meld foar bestjoersfunksjes en der is ek in soad belangstelling om útbater te wurden fan de doarpskroech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)