Problemen by restauraasje Entrepotgebou Harns

It entrepotgebou yn Harns © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
De gemeente Harns sit yn grutte ûnwissichheid oer de restauraasje fan it Entrepotgebou yn de Nieuwe Willemshaven. Oannimmer Jurriëns Restauratie Bouw en Onderhoud krige koartlyn útstel fan betelling. De gemeente wit net oft de restauraasje no noch ôfmakke wurdt.
Op dit stuit lit Harns op foto en fideo fêstlizze wat krekt dien is yn it gebou. Ek lit wethâlder Maria Le Roy útsykje wêr't al foar betelle is. Se hopet dat Jurriëns in trochstart meitsje kin en it wurk ek ôfmeitsje kin.
Wol is dúdlik dat de restauraasje fertraging oprint, mar hoefolle is noch net bekend.
Leechste bod
Leden fan de riedskommisje yn Harns wienen woansdeitejûn kritysk oer de kar foar oannimmer Jurriëns. Dit bedriuw hie it leechste bod dien foar it wurk. De kommisjeleden fregen harren ôf oft dat net te leech west hat. Wethâlder Le Roy sei dat Harns net allinnich sjoen hat nei de biedingen, mar ek nei de reputaasje fan de bedriuwen. Jurriëns hat neffens har in goede namme op it mêd fan restauraasjewurk.