Lichem fan yn België ferdronken Sint-Nykster fûn
De brânwacht fan België hat woansdei it lichem fûn fan in 23-jierrige man út Sint-Nyk. Hy rekke goed twa wiken lyn fermist op de Samber, in rivier yn België. De boat fan it slachtoffer en syn freon hie maleur en sloech om. De freon koe de kant wol berikke, mar de Sint-Nykster net.
De brânwacht starte fuortendaliks in sykaksje, mar koe syn lichem doe net fine. Dat spielde woansdei oan by de slûs fan Auvelais, yn de provinsje Namen.