Fleanbasis Ljouwert makket him klear foar Frisian Flag

06 apr 2016 - 20:04

It personiel fan de fleanbasis Ljouwert moat de kommende twa wiken goed oan de bak. De fleanbasis is gasthear fan de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag. Dy set kommende moandei útein. Der dogge sa'n santich tastellen mei út alve lannen. De piloaten oefenje om goed gear te wurkjen by grutte ynternasjonale operaasjes.

De klam leit benammen op de loftferdigening. Foar de Nederlanners is dat fan grut belang. De misjes dy't no yn it Midden-Easten flein wurde, gean om it stypjen fan grûntroepen en it bombardearjen fan IS-doelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)