"Waadgebiet earnstich bedrige troch gaswinning"

06 apr 2016 - 17:47

De helte fan de UNESCO wrâlderfgoed-natuergebieten wurde earnstich bedrige troch minsklike aktiviteiten en dêr heart it Waadgebiet ek by. Dat seit it Wereld Natuur Fonds op grûn fan in nij, ynternasjonaal rapport dat yn opdracht fan de organisaasje makke is.

It Waad wurdt neffens it Wereld Natuur Fonds bedrige troch gaswinning, want dêrtroch sakket de boaiem en rinne de drûchfallende platen gefaar. It gebiet soe sels net te ferhelpen skea oprinne kinne as fjouwer bedriuwen tastimming krije om op nije lokaasjes nei gas te boarjen.

Trefwurden: 
WNF Waadgebiet gaswinning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)