Twa auto's botse opinoar op A7 by It Hearrenfean
In ûngelok op de A7 by It Hearrenfean hat woansdeitemiddei foar flink wat opûnthâld soarge. Yn de rjochting fan Drachten stie it ferkear stil. De linkerrydstrook wie in skoft ticht by Tsjalbert. Dêr botsten twa auto's opinoar. Oft der minsken ferwûne rekke binne by it ûngelok, is net bekend.