FIDEO: Opkomst referindum is yn Fryslân heger as yn Rânestêd

Yn Fryslân wurdt oanmerklik mear stimd as yn de grutte stêden yn de Rânestêd. In kompleet byld is der noch net, mar yn in aardich oantal Fryske gemeenten lei de opkomst foar it Oekraïnereferindum om 3 oere om de 20 persint hinne. Yn stêden as Rotterdam en Den Haag is dat mar sa'n 12 persint.
Om it referindum jildich te meitsjen, moat 30 persint fan de stimrjochtigen syn stim útbringe. Op de Waadeilannen leit de opkomst it heechst.
Allinnich op Flylân en Skiermûntseach leit de opkomst al boppe de 30 persint en It Amelân sit om de 25 persint hinne. Oan de fêste wâl leit de opkomst tusken de 15 en 20 persint. Yn de grutte stêden yn de rest fan it lân leit de opkomst lykwols noch oanmerklik leger. Opinypeilers hiene earder rekkene op in hegere opkomst.