Strideraasje ûnder frijwilligers kleanbank Snits

Kleanbank
Snits krijt mooglik in twadde kleanbank. Der is al in kleanbank yn wykgebou De Opslach, mar de helte fan de tsien frijwilligers is it net iens oer de te folgjen koers en is tiisdei opstapt. Se hawwe de foarried klean foar in grut part meinaam en sykje no in nij ûnderkommen.
De kleanbank yn de Opslach begûn yn maart fan dit jier. Frijwilligers fan de âlde kleanbank en wykferiening De Wettertoer en Solidair Fryslân wurken hjir yn gear. De kleanbank yn it wyksintrum is no tydlik ticht, mar giet moandei iepen ûnder de nije namme Tweede Leven.