Oanrydtiden Fryske plysje foldogge net oan lanlike noarm

De plysje yn Fryslân hellet yn gjin inkelde gemeente de lanlike noarm om yn 90% fan de gefallen yn in kertier by in melding te wêzen. Fryslân skoart mei in persintaazje fan 65% ek minder as it lanlike gemiddelde fan 85%. De oarsaak is dat Fryslân in plattelânsprovinsje is, sa seit plysjesjef Oscar Dros fan Noard-Nederlân. Dêrtroch is de plysje langer ûnderweis as yn tichtbefolke gebieten.
It Hearrenfean en Ljouwert skoare it bêste yn ús provinsje. De plysje slagget op dy plakken yn respektyflik 80,9% en 80,7% fan de gefallen binnen fyftjin minuten te plak te wêzen. Op de waadeilannen binne de persintaazjes leech, mei as útsjitter Skiermûntseach mei 33%.
Mear jild nedich
Om de plysje flugger te plak te krijen is eins mear jild nedich, seit Dros. Mar dat liket him net realistysk. Meiwurkers fan de plysje sille no besykje koartere petearen te hâlden by in melding. Dêrnjonken wol plysjesjef Dros in bettere sprieding oer de provinsje fan plysje-auto's.