Fallisemint foar swimbad De Frosk op De Westereen

06 apr 2016 - 12:22
  • Swimbad De Frosk

Swimbad De Frosk op De Westereen is fallyt. Neffens kurator Wybe Mollema giet it om de saneamde eksploitaasjemaatskippij; it swimbad sels is fan in oar fennoatskip. Der wurkje njoggen minsken by it swimbad dat yn 2012 oernommen is troch de Cone Group fan de gemeente Dantumadiel. It swimbad is no noch gewoan iepen.

De Cone Group wurket no ûnder de namme NLGgroep. Mollema set yn op it iepen hâlden fan de foarsjenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)