Fjouwer ûntsnapte herten ôfsketten by Aldeberkeap

06 apr 2016 - 09:58

De gemeente Eaststellingwerf hat tiisdeitejûn fjouwer herten ôfsjitte litten, dy't earder ûntkaam wiene út it bistepark yn Aldeberkeap. De herten wienen in grut gefaar foar it ferkear op de drokke dyk neist it hertekamp. Op twadde peaskedei fernielden ûnbekenden in stek, wêrnei seis herten útnaaiden. Ien fan de bisten waard in dei letter deariden. Frijwilligers besochten in wike lang om de fiif herten dy't oerbleaun wiene werom te krijen yn it park, mar dat is net slagge.

Der is no noch ien hert oer en neffens de behearder fan it hertekamp is de kâns grut dat dy no sels it park wer opsiket. Der is by de plysje oanjefte dien fan fernieling. Dy ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)