Fryske stimburo's iepene foar referindum oer Oekraïne

06 apr 2016 - 08:20

Wurdt it in stim foar, binne jo tsjin of kieze jo derfoar om net te stimmen? De ferskate buro's yn ús provinsje binne woansdeitemoarn om 07.30 oere yn elk gefal iepengien foar it Oerkraïne-referindum.

De stimburo's yn Fryslân bliuwe iepen oant 21.00 oere, dêrnei sil stadichoan bekend wurde hoe't de provinsje him útsprekt. Ferskate gemeenten komme woansdei al earder mei tuskenstannen. 

Ljouwert

Yn Ljouwert rûnen de earste minsken flak nei de iepening fan de buro's binnen. Neffens Mark Jacobs, haad fan it stimburo by it stedhûs yn Ljouwert, wie it noch frij rêstich. ''We hebben net vier stemmen binnen en de mensen kunnen tot 21.00 uur hun stem uitbrengen. We zitten hier met een dubbele bemanning op het stembureau, vanaf een uur of 18.00 begint het tellen van de stemmen.''  

ID en stimpas

Bringe jo woansdei ek in stim út? Ferjit dan net om jo identiteitsbewiis en de stimpas mei te nimmen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)