Sealesintrum Trebol grôtfol by byienkomst oer asylsikers

05 apr 2016 - 22:54

In soad Harnzers kamen tiisdeitejûn nei Trebol foar de besletten ynformaasjejûn oer de mooglike komst fan in AZC foar 300 asylsikers yn de stêd. De jûn begong mei in emosjoneel ferslach fan in meiwurker fan de KNRM, dy't op Lesbos holpen hie by de opfang fan de flechtlingen. Hy krige applaus fan alle oanwêzigen.

In soad minsken fregen hoe't se helpe koene en wat se dwaan koene foar de asylsikers, mar der wiene ek krityske fragen oer feilichheid en it mooglike plak fan it AZC.

Maksimaal 10 jier
Guon minsken fine dat dat dochs wol ticht by de sportfjilden is, dêr't bern boartsje en sporte. De gemeente sil no in definityf beslút nimme oer de fêstiging fan in AZC. As dat der komt, sil dat nei alle gedachten begjin takom jier iepengean en maksimaal tsien jier bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)