Teaterlessen moatte Littenseradiel opkreazje

© Google Streetview
Learlingen fan de basisskoallen yn Littenseradiel krije teaterlessen oer ôffal. Doel is om bern sa jong mooglik, mar op in leuke wize, te belûken by it foarkommen fan omtoarkjend ôffal. It ôffalteater wurdt tagelyk organisearre mei de Himmelwike.
Yn dy wike gean de bern it doarp yn om ôffal op te rêden. De teaterlessen binne in ûnderdiel fan Samen Fryslân Schoon en wurdt útfierd troch de Fryske Miljeufederaasje, mei stipe fan Omrin en IVN.
Takomst
Neffens wethâlder Bram Bonnema is it belangryk dat bern sa jong mooglik leare hoe't se mei ôffal omgean moatte: "Troch it ynsetten fan it teater soargje we derfoar dat de gemeente no, mar ek yn de takomst skjin bliuwt".