Nije webside Omrop Fryslân: "It draait allegear om byld"

Der is moannenlang oan wurke, en tiisdeitejûn gie er de loft yn. De fernijde webside fan Omrop Fryslân. "Wat fuortendaliks opfalt is dat it folle mear draait om byld", seit Douwe Boersma, einredakteur online. Hy is wiis mei de fernijing.
"Wy wolle foaral sjen litte dat we folle mear dogge as nijs. Tink oan It Swarte Goud, eveneminten, en livestreams fan bygelyks it Iepen Nederlânsk Fanfarekampioenskip. Dat sjochtst tenei direkt al op de hiemside."
Presintatoaren
De âlde side wie goed trije jier âld. Mei de fernijde webside wol Omrop Fryslân de besikers mear oanbiede. Sa hat fideo in promininter plak krige by bygelyks nijsberjochten. En alle presintatoaren ha in eigen profylside.
Tablet en tillefoan
Omdat der hieltyd mear besikers op mobile apparaten nei omropfryslan.nl sjogge, is de side 'responsive'. Dat betsjut dat de webside op alle apparaten, bygelyks tablets, goed te besjen is.
Wat fine jo der fan?
Us ynternetredaksje wol graach witte wat jo fan de nije webside fine. Mail jo fragen, opmerkingen of reaksjes nei webside@omropfryslan.nl.