Kap driget foar âlde bûkebeammen yn Beetstersweach

De natuerferiening Geaflecht is tsjin it beslút fan de gemeente Opsterlân om acht âlde bûkebeammen te kappen. Se stean te ticht by it gemeentehûs en se binne net mear sûn, sa seit de gemeente. Dy hat dus in kapfergunning ôfjûn. Dêr makke Geaflecht beswier tsjin, want de beammen binne byldbepalend, lang net sa siik at de gemeente seit en der komt ek neat oars foar yn it plak. Mar dat beswierskrift is ôfwiisd.
De mear as hûndert jier âlde bûken gean dus foar de bile. Geaflecht beriedt him op stappen om de beammen te behâlden.