Needopfang Feanwâlden foarearst fan de baan

05 apr 2016 - 19:58

Der komt foarearst gjin needopfang foar 300 flechtlingen yn Feanwâlden. De gemeenteried hat mei romme mearderheid it kolleezje de opdracht jûn om op syk te gean nei lytsskalige opfang. Mei dat boadskip moatte boargemaster en wethâlders no nei it COA. Dy ynstânsje hat earder al oanjûn dat écht lytsskalige opfang net mooglik is, omdat dat tefolle jild kostet.

Emoasjes

By in eardere ynformaasjejûn oer de komst fan flechtlingen nei Feanwâlden rûnen de emoasjes heech op, mar tiisdei wie de publike tribune net iens hielendal fol.

Nije Lokaasje

De koälysjepartijen kamen mei in mienskiplike oprop om te sykjen nei in nije lokaasje, sy fine de no útsochte lokaasje net geskikt. Neidat alle partijen reagearre hawwe, is it dúdlik dat it kolleezjefoarstel foar in AZC it net helje sil.

Koälysjepartij ChristenUnie rôp ynwenners op om harren ferantwurdlikheid te nimmen yn it sykjen nei in oare lokaasje. De SGP fynt de lokaasje wol geskikt, mar it oantal asylsikers tefolle.

Statushâlders

Neffens Dantumadiel'82 moat der socht wurde nei wenningen foar statushâlders, dêrtroch ûntstiet der romte yn de besteande AZC's. Ek de PvdA komt mei in moasje foar lytsskalige opfang, dy partij stipet it foarlizzende foarstel net. Lagere Lasten Dantumadiel is tsjin de opfang, sy fine dat dat soarget foar tefolle oerlêst.

Boargemaster

Boargemaster Heldoorn seit dat hy op 'en paad giet mei de opdracht om pilotgemeente te wêzen foar lytsskalige opfang, ek al wol it COA dat no noch net.

Trefwurden: 
AZC Feanwâlden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)