Dokkumer húsdokter foar Tuchtkolleezje dage om sike poppe

05 apr 2016 - 19:46

In jonge húsdokter út in praktyk yn Dokkum stie tiisdei foar it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch yn Grins. In pasjinte hat de saak oanspand, omdat sy fynt dat de dokter har net genôch ynformearre hat oer de skealike gefolgen fan de prikpil. Dy prikpil hat by har skea oan de baarmoeder feroarsake. Boppedat soe de dokter risiko's nommen hawwe by it jaan fan medisinen oan har poppe fan trije wike. It berntsje hie lêst fan spriuw, mar moast freeslik spuie fan de foarskreaune medisinen.

De dokter joech it advys om de dosearring te ferheegjen, mar it waard allinnich mar slimmer. In oare dokter sei dat se daliks mei de medikaasje ophâlde moast, omdat spriuw ek sûnder medisinen wol oergiet. It tuchtkkolleezje docht binnen acht wike útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)