"Nij soarte 'belibbenis'-winkel kin detailhannel rêde"

05 apr 2016 - 16:59

It is fiif minuten foar tolven foar de winkelsektor. Undernimmers moatte gau mei nije inisjativen komme om noch mear falliseminten en leechstân fan winkels foar te kommen. Yn it Noarden spilet de krimp ek noch mei. Lokale en provinsjale oerheden en de detailhannel moatte mei-inoar yn aksje komme.

As earst soene gemeenten in keapstream-ûndersyk hâlde moatte om dúdlik te krijen wêr't minsken ynkeapen dogge en wêr't se weikomme. Undernimmers moatte de romte krije om winkels te betinken dêr't mear te belibjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)