Fraksjes Weststellingwerf wolle rap ynternet yn gemeente

05 apr 2016 - 12:03

De fraksjes fan VVD, PvdA en CDA yn Weststellingwerf wolle dat der op koarte termyn rap ynternet yn de gemeente oanlein wurdt. Bedriuwen lykas KPN en Ziggo hawwe oanjûn dat sy dat net dwaan sille om't it te djoer wêze soe. Gefolch is dat op 2.400 adressen yn Weststellingwerf gjin rap ynternet foarhannen is. Dat is net allinnich ferfelend foar partikulieren, mar bedriuwen kinne hast neat fia ynternet ôfhannelje. Sa kinne boeren gegevens fan de melkrobot dreech trochstjoere nei it fabryk en fêstigje ynternetwinkels harren net yn de gemeente.

De fraksjes wolle dêrom dat it kolleezje ûndersykje lit wat de mooglikheden en de kosten binne om sa'n rap netwurk oan te lizzen. Dat soe dan betelle wurde moatte troch gemeente en provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)