Enkêtekommisje Wytmarsum net bliid mei foarnimmen gemeente

05 apr 2016 - 10:54

De enkêtekommisje fan Wytmarsum is bot teloarsteld oer it foarnimmen fan de gemeente Súdwest-Fryslân om dochs fêst te hâlden oan it beslút om 200 asylsikers te húsfestjen yn it eardere kleaster yn it sintrum fan it doarp. De leden fan de kommisje fiele harren net serieus naam troch de gemeente en it COA. Yn in enkête oer de húsfêsting fan flechtlingen wie 70 prosint fan de ynwenners fan it doarp tsjin op it oantal fan 200 op dy lokaasje. De ynwenners fine 100 flechtlingen dêr it maksimum.

De kommisje freget de gemeenteried om it kolleezjebeslút op de aginda te setten. Se nûgje riedsleden út om mei de enkêtekommisje te praten oer de opfang yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)