Unôfhinklik ûndersyk nei ynstoarte tinte yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei it ynstoarten fan de grutte feesttinte, ôfrûne freedtejûn op de Breedeplaats yn Frjentsjer. Dat ha de gemeente Frjentsjerteradiel en organisator Stichting De Ster van de Elfsteden moandei ôfpraat. De oarsaak fan it ûngelok, wêrby de 300 kilo swiere tinte mei in hurde knal nei ûnderen kaam, is noch hieltyd net dúdlik. It ûngelok is foar de gemeente en de stichting wol oanlieding om harren ôf te freegjen oft de tinte noch wol brûkt wurde moat.
Tinte
De tinte docht no tsien jier tsjinst mei alderhande eveneminten op it plein. Mei de kommende Keningsdei kin de tinte net brûkt wurde. Foar de PC yn augustus moat dúdlik wêze wat der mei it plein bart.