Bestjoerder rekket ferwûne nei ûngelok by Terwispel

© Srfotografie
By in ûngelok op De Streek by Terwispel is tiisdeitemoarn in 33-jierrige man út Ketlik slim ferwûne rekke. De man rekke mei syn auto troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam. De bestjoerder rekke beknipe en is troch de brânwacht út de auto helle.
By de behanneling fan it slachtoffer binne ek de meiwurkers fan de traumahelikopter ynset.