Jong Hearrenfean oan kop yn finale reservekompetysje

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de kopposysje pakt yn de finalepûl fan de reservekompetysje. De ploech moast it opnimme tsjin direkte konkurrint  Jong Feyenoord.
Hearrenfean wie fuortendalik de sterkere partij, mar moast oant nei de rêst wachtsje foar't it omset waard yn in foarsprong. Troch in moaie folly fan Henk Veerman luts Hearrenfean úteinlik yn dizze wedstriid oan it langste ein. De assist kaam op namme fan Morten Thorsby.
Feyenoord besocht it dêrnei noch wol, mar de ferdigening fan Hearrenfean hâlde stân. De thúswedstriid waard yn it Abe Lenstrastadion dan ek mei 1-0 wûn.
Der binne noch trije wedstriden te spyljen. Jong Hearrenfean stiet no mei njoggen punten boppe-oan. Takom wike is Feyenoord opnij de tsjinstanner, dan yn Rotterdam.