Veganstreaker springt it fjild op yn bolle-arena yn Madrid

04 apr 2016 - 21:11

De Fryske diere-aktivist Peter Janssen is opnij oppakt yn Spanje foar it fersteuren fan bollegefjocht. Dat stiet te lêzen op de Facebookpagina fan de aktivist. Dizze kear wie it yn Las Ventas yn Madrid, de grutste arena foar it tradisjonele bollefjochtsjen.

Janssen sit by de Vegan Strike Group dy't faak de arena yn springt sa gau't de bolle dea is. Hy wol mei syn aksjes omtinken freegje foar it bisteleed fan sawol bollen as hynders. De Fries moast de jûn op it plysjeburo yn Madrid trochbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)