260.000 likes behelle: snein kofferguys yn Miljoenenjacht

Nei trije wiken en in soad likes op Facebook is it snein dan dochs echt safier: dan ferskine foar ien kear 26 'kofferguys' op it poadium fan it RTL4-programma Miljoenenjacht. Foar it ferfangen fan de knappe froulju wienen mar leafst 260.000 likes nedich op Facebook, 10.000 foar elke ´kofferguy'. Dat tal waard moandei oan de ein fan 'e middei behelle.
Blogster Johanna Kommerie út Damwâld die nei de earste ôflevering fan it telefyzjeprogramma in oprop op social media. ''Iedere keer 26 'koffergirls' het koffertje laten openen is op den duur een beetje saai'', sa sei Kommerie op Facebook. ''Wij zouden ook graag eens een keer zien dat deze koffertjes geopend worden door een stel knappe 'kofferguys''.
Mear likes
Presintatrise Linda de Mol naam al gau noasje fan de oprop, mar woe mear likes sjen foar't it idee útfierd wurde koe. No't it tal helle is, ferskine de 'kofferguys' takom snein foar ien kear yn Miljoenenjacht.
Casting
RTL Boulevard melde moandei al dat Miljoenenjacht drok dwaande is mei de casting fan de 26 'kofferguys' foar de útstjoering.