Parkeargaraazje Ljouwerter Easterstrjitte seis wiken ticht

De gloednije parkeargaraazje yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De parkeargaraazje yn de Easterstrjitte yn Ljouwert is fan moandei 11 april ôf seis wiken ticht. Dat is nedich fanwege de bou fan apparteminten dêrboppe. Der is ûnder oare wurk oan de riolearring en de bekabeling. Dat soarget foar oerlêst yn de garaazje, dy't yn novimber 2014 yn gebrûk naam is.
De gemeente Ljouwert koe kieze tusken in komplete sluting fan seis wiken of in sluting yn fazes. Dat soe langer duorje. Uteinlik is foar de komplete sluting fan seis wiken keazen. De parkeargaraazje wurdt in soad brûkt troch provinsjemeiwurkers.
Op tongersdeitejûn en yn it wykein is de garaazje tagonklik foar elkenien. De gemeente Ljouwert is fan doel om de garaazje yn tiid dat er ticht is, wol op sneon iepen te hâlden foar it winkeljend publyk.