Waadfûns stipet tal projekten mei miljoenen

04 apr 2016 - 16:11
  • Ofslútdyk

Ferskate Fryske projekten krije miljoenen euro's út it Waadfûns. It giet om it projekt 'Vaart in de Súd Ie', it monumint op de Ofslútdyk en it 'Rondje Lauwersmeer'.

It monumint op de Ofslútdyk krijt 1,5 miljoen euro foar restauraasje en in modernisearringsslach foar de toeristyske foarsjennings. De Súd-Ie krijt in miljoen om de farrûte tusken Dokkum en it Lauwersmargebiet better befarber te meitsjen foar motorboaten mei in djipgong fan 1.30 meter. Yn it Lauwersmargebiet wurde de fyts- en kuierpaden foar hast in miljoen euro oanpakt.

Mei elkoar wurdt acht miljoen euro útjûn. Ek in projekt yn it Dútske Waadgebiet krijt jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)