Snitswike wurdt tenei yn teater iepene

04 apr 2016 - 16:03

De Snitswike wurdt tenei net mear offisjeel iepene yn de tún fan it stedhûs yn Snits, mar yn it teater. De tún is de lêste jierren brûkt as festivalterrein mei it begjin fan de Snitswike en wie sadwaande net mear sa geskikt foar de offisjele iepening.

De organisaasje fynt dat de iepening fan sa'n belangryk ynternasjonaal evenemint yn in 'stijlvolle ambiance' barre moat en hat dêrom foar it teater keazen.

De oanslutende 'Vlootschouw' begjint tenei ek earder. Dat wie altyd 22.30 oere, mar wurdt no 21.30 oere. Dielnimmers oan de Snitswike woene dat graach, omdat se oars hiel let op bêd komme en de oare moarns betiid al wedstrydfarre moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)