Guon pasjinten rinne fuort nei lang wachtsjen yn MCL

04 apr 2016 - 15:32

De ynfiering fan it nije elektroanyske pasjintesysteem Epic hat yn it MCL foar ûngeduldige pasjinten soarge. Guon minsken moasten sa lang wachtsje foardat se holpen wurde koene dat se fuortgien binne. Dochs wiene der neffens direkteur Donkervoort in protte pasjinten dy't begrip hiene foar de bernesyktes fan it nije systeem.

Donkervoort is bot te sprekken oer de earste dagen dat it systeem no draait. It Epic-systeem komt yn it plak fan de besteande kompjûtersystemen en ferfangt boppedat alle papieren dossiers.

Problemen falle ta

Neffens Donkervoort is de ynfiering ien fan de grutste feroarings oait útfierd binnen it MCL. Dêr hearre neffens him ek bernesyktes by, mar de problemen falle ta. Yn it foar wie der al rekken hâlden mei wat fertragings en pasjinten binne yn it foar warskôge.

Ek lizze der op it stuit hast de helte minder minsken yn it sikehûs. Dêrtroch krijt de organisaasje mear romte om te wennen oan it nije systeem. Oer in pear wiken moat alles wer normaal draaie.

Trefwurden: 
EPIC MCL Ljouwert sikehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)