Alde Fryske Tsjerken nimt tsjerke Wetsens oer

04 apr 2016 - 15:21

De Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt de herfoarme tsjerke fan Wetsens oer fan de protestantske gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens. Bysûnder is dat de oername en it behear fan it gebou mooglik makke wurde troch in bydrage fan in partikulier. Dat is foar it earst yn it 45-jierrich bestean fan de stichting. Foar de stichting is de tsjerke de 46ste dy't se oernimme.

De tsjerke komt nei de oerdracht yn behear by in pleatslike kommisje. It gebou kin fia de kommisje hierd wurde foar rou- en troutsjinsten, konserten en gearkomsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)