Buorman hâldt motordief tsjin op It Hearrenfean

© ANP XTRA
Mei tank oan in opmerksume buorman is it ôfrûne wykein in 44-jierrige motordief fan It Hearrenfean oanhâlden. De man seach de Feanster op de Bielzen rinnen mei in motor en hie troch dat it gie om de motor fan syn buorman. De dief hie dizze út in ôfsletten garaazjeboks stellen.
De buorman gie efter de dief oan. Dy besocht út te naaien, mar kaam te fallen. De opmerksume tsjûge koe de steller dêrnei fêsthâlde oant de plysje kaam.