Boeren beskermje greidefûgelgebiet Reahel tsjin foksen

Slûpende foks © Omrop Fryslân
Boeren nimme maatregels tsjin foksen dy't yn it bûtengebiet fan Reahel soargje foar in soad problemen by de greidefûgels. Yn it gebiet fan sa'n 60 hektare binne de ôfrûne wike ferskate nêsten leech fretten. Der sitte in soad greidefûgels yn dit gebiet trochdat in part ynrjochte is as plas-dras gebiet.
De ferwachting is dat der de kommende tiid noch wol hûndert nêsten bykomme. Om foar te kommen dat ek dizze nêsten leech fretten wurde, wolle de boeren in tried spanne om it hiele gebiet hinne. Dat moat de foksen bûten hâlde.