Lanlike organisaasje OLON: Lokale omroppen moatte fusearje

03 apr 2016 - 18:54

De OLON, de organisaasje foar lokale omroppen, wol 62 streekomroppen yn hiel Nederlân foarmje. Dêrmei soenen in soad lokale omroppen ferdwine. Foar Fryslân hat de OLON trije streekomroppen betocht. Dat betsjut dat it noarden en easten fan de provinsje noch ien streekomrop oerhâlde soene. It giet dan om achttjin regio's dy't deselde omrop krije. Yn it suden sjocht OLON de lokale omroppen fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren fusearje.

Ek de Stellingwerven, Opsterlân en Hearrenfean soenen mei ien omrop ta kinne. Op dit stuit binne der noch sa'n 250 lokale omroppen.

Gjin besteansrjocht

De OLON tinkt dat de fúzjes needsaaklik binne om't it medialânskip bot feroaret. Lytse lokale omroppen hawwe gjin of hast gjin besteansrjocht mear, sa skriuwt de organisaasje.

Lokale identiteit

Foarsitter Tinus Boomstra fan Radio Eenhoorn stiet noch wat neutraal yn de diskusje oer de fúzjes. Neffens him moat der noch in hiel soad útsocht en tocht wurde. De grutste soarch is dat lokale identiteit fan al dy omroppen ôfgiet. De omroppen sille de kommende wiken oer it plan gear.

Ek foarsitter Simon Talsma fan RTV Noordoost-Friesland (NOF) wit noch net wat de plannen krekt betsjutte foar syn omrop. "We hawwe nochal wat 'kanttekeningen'. It lokale nijs is ús besteansrjocht, dus dat wolle wy wol behâlde. Dêr is neffens de OLON ek wol romte foar, mar hoe en wat witte wy ek noch net."

De kommende moannen meie de omroppen reagearje op de plannen. Dêrnei besjocht de OLON oft de plannen oanpast wurde moatte.

Trefwurden: 
OLON lokale omroppen Fúzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)