Follybalsters VC Snits troch winst stap tichterby finale

03 apr 2016 - 18:19

De follybalsters fan VC Snits binne troch in 3-0 oerwinning op Eurosped opnij koprinner yn 'e play-offs. De earste set begûn snein dreech foar de Snitsers, al gau stie der in 4-1 efterstân op it boerd. Dêrnei koe Snits har herstelle en waard de earste set úteinlik maklik wûn mei 25-14. De start fan de twadde set wie in stik better. Dat liede ta in 25-18 oerwinning. De tredde set oefene Eurosped mear servicedruk út, dêrtroch gie it lang lykop. Dochs pakte de ploech fan trainer Petra Groenland mei 26-24 de tredde set en dêrmei de wedstriid.

Troch de oerwinning geane de Snitser follybalsters Sliedrecht Sport en Alterno wer foarby op 'e ranglist. Sneontejûn kin VC Snits yn de thúswedstriid tsjin Zwolle de finale om it kampioenskip feilichstelle. Dat is de lêste wedstriid fan de play-offs. As Snits wint, is it wis fan de finale om it lânskampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)