"Minsken moatte witte wêr't harren iten wei komt"

De leden fan de Youth Food Movement (YFM) Fryslân organisearren dit wykein in workshopdei ûnder de namme Voedelsketen XL. YFM wurke gear mei Kening fan 'e Greide, Agrarische Jongeren Friesland en Welcome To The Village. De klups wolle mei dizze gearwurking oplossingen betinke foar de problemen yn de 'voedselketen'.
Grutste probleem is neffens YFM dat minsken tsjintwurdich net mear witte wêr't it iten weikomt. Dat wolle se feroarje troch workshops en it dielen fan kennis.
Ek it projekt mei ko Janneke, dy't ferline jier op Welcome To The Village opiten is, is hjir in foarbyld fan. Dit jier krijt it in ferfolch, mei de boltsjes Sjoerd, Johannes en Klaas Sietse.