Matchwinner Van den Boomen: "Hij viel er heerlijk in"

03 apr 2016 - 17:43

SC Hearrenfean wûn yn Kerkrade mei 2-1 fan Roda JC. De wedstriid like in lykspul te wurden, mar yn de alderlêste minút fan de ekstra tiid wie dêr Branco van den Boomen. Hy skeat in frije trap yn ien kear raak en besoarge Hearrenfean sa de oerwinning.

"Hij viel er heerlijk in", sa seit matchwinner Van den Boomen. De middenfjilder keas bewust foar de krusing. "Hij kwam precies waar ik hem wilde hebben." It is it earste earedifyzjedoelpunt foar Van den Boomen. "Dat is iets waar je van droomt en niet snel zult vergeten", seit Van den Boomen.

Thús spektakel biede

Neffens trainer Foppe de Haan kaam de winst Hearrenfean ta. "Ja, de winst wie fertsjinne. Wy hiene yn de earste helte mei 2-1 foarstean moatten. Wy wiene te sleau yn de einpasses en yn de ôfwurking", seit De Haan. Hy wol de lêste wedstriden fan it seizoen foaral yn de thúsduels noch moai fuotbal sjen litte. "As wy dizze wei trochsette, dan krije wy noch trije fantastyske wedstriden thús. Wy moatte soargje dat wy thús spektakel biede", sa seit de trainer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)