SC Hearrenfean wint yn ekstremis fan Roda JC

SC Hearrenfean hat snein mei 2-1 wûn fan Roda JC. Yn it Parkstad Limburg Stadion yn Kerkrade kamen de Feansters krekt nei it skoft op foarsprong troch in goal fan Arber Zeneli. Hy kopte de 1-0 yn it goal, nei't Luciano Slagveer him in goeie foarset jûn hie. Lang koe Hearrenfean net genietsje fan de foarsprong. In kertier nei de iepeningstreffer stie it nammentlik alwer gelyk. Tom van Hyfte makke foar Roda JC de 1-1. It like yn in lykspul te einigjen, mar yn 'e blessueretiid makke ynfaller Branco van den Boomen de winnende 2-1.
Yn de begjinfaze lieten beide ploegen harren sjen mei skotten fan ôfstân, mar dat smiet gjin gefaar op. It earste belangrike momint fûn plak yn de fjirtjinde minút, doe't it hiele Parkstad Limburg Stadion applaudissearre yn ferbân mei it ferstjerren fan Johan Cruijff. Om't it spul doe krekt stillei foar in yngoai, stiene ek de spilers der by stil.
Kânsen
Dêrnei gie it spul wer fierder en kamen de Feansters better yn 'e wedstriid. Earst krige Mitchell te Vrede in goeie sjitkâns, mar Roda-doelman Benjamin van Leer koe de bal tsjinhâlde. Nei sa'n tweintich minuten spyljen krige Hearrenfean fia Slagveer de mooglikheid op de 1-0, mar it ôfstânsskot fan de oanfaller gie oer. De ploech fan Foppe de Haan joech ferdigenjend net in soad kânsen fuort, wêrtroch't beide ploegen mei in 0-0 tuskenstân de rêst yngongen.
Matchwinner Branco van den Boomen
Hearrenfean kaam goed út 'e klaaikeamer. Nei 51 minuten sette Zeneli syn ploech op foarsprong. De Sweedse oanfaller kopte de 1-0 tsjin de touwen út in foarset fan Slagveer. In kertier letter stie it alwer gelyk. Kristoffer Peterson skeat noch tsjin de peal, mar yn de rebound koe Van Hyfte der 1-1 fan meitsje. Fuortendaliks dêrnei like Slagveer op wei nei de 2-1, mar hy krige de bal net goed ûnder kontrôle. Oan 'e oare kant mocht Hearrenfean fan gelok sprekke dat Van Hyfte yn kânsrike posysje oer skeat. Beide ploegen liken genôch nimme te moatten mei in puntsje, mar yn de lêste minút fan de blessueretiid makke Van den Boomen út in frije trap de winnende goal.
Dêrtroch einige de wedstriid yn Kerkrade yn 2-1 foar SC Hearrenfean. Dat bliuwt dêrtroch trettjinde yn 'e Earedivyzje mei 37 punten út 29 wedstriden.