Kessengefjocht yn Drachten foar it goede doel

03 apr 2016 - 15:27

Sa'n tritich minsken dienen snein mei oan in kessengefjocht op it Raadhuisplein yn Drachten. It evenemint waard hâlden yn it ramt fan de 'Internationale dag van het kussengevecht'.

Njonken Drachten wienen ek kessengefjochten yn ûnder oaren Amsterdam, Utrecht en Leiden. De opbringst fan it kessengefjocht gie nei de Alvleeskliervereniging.

Trefwurden: 
kessengefjocht Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)