SC Cambuur spilet gelyk yn degradaasjekreaker

02 apr 2016 - 20:28

SC Cambuur hat lykspile yn de degradaasjekreaker tsjin De Graafschap. Yn Doetinchem waard it 2-2. De wedstriid wie foar beide klups wichtich, om't beide stride tsjin degradaasje.

Yn de 23e minút kaam De Graafschap op foarsprong troch Vermeij. Calvin Mac-Intosch soarge yn de 29e minút foar de 1-1. De gelykmakker bruts de wedstriid iepen. De Ljouwerters kamen yn de 60e minút sels op foarsprong troch in doelpunt fan Kevin van Veen. De Graafschap kaam in kertier letter wer op gelikense hichte troch in doelpunt fan oanfierder Van de Pavert; 2-2.

Op de ranglist hâldt De Graafschap ien punt foarsprong op SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)