Opstelling Cambuur: Doelman Nienhuis spilet net mei

02 apr 2016 - 18:09

SC Cambuur spilet jûn om 18:30 oere de degradaasjekreaker by De Graafschap yn Doetinchem. Doelman Leonard Nienhuis spilet lykwols net mei. Hy heakke by de warming-up ôf mei in blessuere. Harm Zeinstra nimt syn plak yn.

It belang fan dizze wedstriid is grut, om't beide ploegen direkte degradaasje besykje te foarkommen. Cambuur stiet op it lêste plak, De Graafschap hat ien punt mear.

Opstelling

Zeinstra, Mac-Intosch, Lachman, Van der Laan, Peersman, Bakker, Byrne, Van de Streek, Narsingh, Barto, Hoefdraad

De wedstriid is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio, mei ferslach fan Geert van Tuinen en Roelof de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)