Epke Zonderland komt turnynterlân tsjin Frankryk goed troch

02 apr 2016 - 17:51
  • Epke Zonderland

Epke Zonderland is de turnynterlân tsjin Frankryk yn Waddinxveen goed trochkaam. De turner fan De Lemmer die in oanpaste rekstôkoefening, om't er noch net hielendal fit is. Hy waard yn desimber opereare oan groanysk ûntstutsen byholten. It werstel gie dêrnei net hiel fluch.

Zonderland fierde yn syn oanpaste simpele rekstôkoefening mar twa saneamde flechteleminten út. Eleminten wêrby't de turner hielendal oer de kop giet, binne neffens trainer Daniël Knibbeler it meast belêstend. Hy helle in skoare fan 14,55.

Zonderland kaam ek noch yn aksje op foltiizje en brêge. Op foltiizje helle hy in skoare 13,75. Op brêge 15,05. "Ik voel me weer wat beter", sei Zonderland nei ôfrin fan de wedstriid, "en ik hoop over twee weken weer helemaal fit te zijn."

De Nederlânske turners wûnen de ynterlân fan Frankryk.

Rio

De manlju hawwe harren earder al kwalifisearre foar it Olympysk Test Evenemint. Dat is op 16 april yn Rio de Janeiro. Dêr wol Zonderland yn topfoarm wêze, om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen yn dy stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)